Ik mis my,
Ik mis my,
ik mis it,
hoe ‘t ik onbevangen minsken fertrouwe koe
ik mis it,
hoe ‘t ik dûnse mei mysels nea benauwd foar in oar
ik mis my,
mei myn toerist uthingjen yn eichen stêd
ik mis sliepen,
ik mis rêst.
ik mis,
stil lisse kinne en rêst fynne yn myn eichen bed sûnder oanfal.
Ik mis fereale wurde kinne,
sûnder angst
Myn eichen gûlen en raasen bûten it gerjochtshùs lûd as in sirene gûlt troch myn holle, galmt mei neadkreten fan oaren yn die glêzen muorren.
Myn fuotten fiele noch wurrich fan it hurdrinnen ut dat gebouw.
Myn earrems nochsteeds sterk genoach om mysels te tillen.
Myn lichaam vangt de skok op, ggz yn nederlân net.
Gjin hulp, sa no en dan een onbekende oan ‘e oare kant fan de lijn die lústert en úteindelik wurd ik alinnich,
trochferwiizen.
Ik haw net in protte freuenen.
Minsken dy’t op my leune wienen er in soart.
Oan’t it gûlen te hjerren is yn myn stilte, de wanhoop yn myn eachen stiet en de skok te hjerren is yn myn sloffen.
‘Jamar du kist dit wol, du bist sterk genôch,
bist altyd oeral bovenop kaam, no ek’
Minsken freechje net hoe’t ik my fiel, amper hoe ‘t it giet.
Ik haw net folle freuenen.
Mar net folle is genoach, dat jouwt rûmte…
Rûmte om de stilte rûmte te jaan en te sjen.
Dat sjen leart my skiften en sjen yn wa’t ik sjoch
wa’t my sjocht en hoop yn my útlient oan my.
Soms wol in minsk gjin rûmte,
soms wol in minsk gûle, raase, gûle en raase.
Soms wol in minsk net sterk wease,
mar rêst en de romte om even hielendal yn te stoarten.
Ik sil raase, ik sil gûle ik sil rinne,
ik sil it oan gean, oerlibje ertroch hinne en oerwinne,
ik sil genietsje, libje eindlik LIBJE mei de kop yn ‘e sinne.
Mei goeie, oprjochte minsken om my hinne.

Foto door Anook
